Berneboekedei 15 Oktober 2017

Programma 2017

It programma fan de 17 edysje fan Berneboekedei Terherne stiet yn it teken fan it tema Grouwélich Eng! It slút oan by it lannelike tema fan de Kinderboekenweek.

Op 15 oktober fan 13-17.00 oere stiet Terherne op ‘e kop. Op ferskate lokaasjes yn it doarp binne aktiviteiten te finen rûnom dit spannende tema.

Der komt in hiel spannende foarstelling, der is muzyk, kinst boeken keapje en der binne lytse en grutte (foarlês / teater) foarstellingen. En wolsto noch mear? Do kinst werom yn de tiid en omstrune yn it libben fan de famylje Klinkhamer yn de Kameleonbuorkerij yn Terherne.

Grouwélich Eng yn Terherne is in feest foar bern, âlders en alle pakes en beppes!

Folgje ús website en Facebookside!

lês mear op facebook

Doarpshûs "De Buorkerij"( pjutteboartersplak)

Tentoanstelling Boekekiste-wedstryd
De boekekistjes wurde makke troch basisskoallen út de omjouwing. De opdracht is om in boek út te byldzjen dat te meitsjen hat mei it tema fan de berneboekewike.

13:00 iepeningsakt Dûnsjen yn Fryslan

Dansen in Friesland fersoarget foar us de iepeningsact en sil dizze middei twa kear foar us optrede

Priisùtriking fan de boekekistkeswedstriid

13:30 en 15:30 Rôversguod ( doarpshûs de Buorkerij )

Besikers meinimme yn in wrâld bol fan muzyk, dát docht Harmonie Weidum!

In Frysktalige muzikale poppefoarstelling oer de freonskip fan in jonkje mei de roeken

Sander Metz (paal43)

Sjong en dûnsje mei!

Gruffalo 13:20 en 15:00 (paal43 Bioscoop)

De Gruffallo wia kin him net!?

In munsterlijke foarstelling foar pjutten en beukers (2-6 jier)

Yllustrearje en knutselje (Paal43)

Knutselje en tekenje mei berneboeke skriuwsters Mirjam van Houten en Janneke de Boer

Reptilen (Paal43)

Reptielen binne net eng en net grizelig, sjoch mar ris by de bisten Repticura

Fielmuorre (Paal43)

Dizze muorre is allinne foar bikkels!

Fiel yn de sân gatten yn e muorre!

Beweegt it?Slist it byt it?

Kom mar op asto doarst!

Moetsje en groetsje mei berneboekeskriuwsters (paal43)

13:00-17:00 Blije Papegaai

Hjir kinst in spinneweb timmerje en in grizelig ljochtsje meitsje, Wa blaast de moaiste heksebellen?.

14:00 en 15:30 De huodsjes fan Mata Hari ( Fermanje Tsjerke)

De huodsjes fan Mata Hari is it aksjeboek fan de Berneboekewike. Lida Dykstra hat it skreaun en lêst foar. Jan-Dirk van Ravensteijn makke, spesjaal foar bern, in prachtige foarstelling oer de Ljouwerter kontraspionne Mata-Hari.

13:00-17:00 Fryske skriuwers yn de bus ( plein Snackbar)

Hanneke de Jong, Thys Wadman, Mirjam van Houten, Joke Scheffer, Janneke de boer lêze foar ut boeken en printeboeken yn de bus van de Kulturele Haadstêd 2018

13.30   Joke Scheffer
13.45   Thys Wadman
     
14.00   Riemkje Hoogland
14.15    
14.30   Mirjam van Houten
14.45   Joke Scheffer
     
15.00   Janneke de Boer
15.15   Hanneke de Jong
15.30   Thys Wadman
15.45   Riemkje Hoogland
     
16.00    
16.15   Mirjam van Houten
16.30   Hanneke de Jong
16.45   Janneke de Boer

14:00, 14:30, 15:30 Vis in Huis van Edith Stultiens

Kantoar Heddema

Edith Stultiens lest foar ut har boek"vis in Huis"

tegearre mei in muzikant swimt de fisk nei de See,​ mei byldrefleksje op de muorre.

 

Meer informatie

13:20, 14:45, 16:30 Poëzy & oant wurk

​Moaie grappige en oandwaanlike poëzy fan Jurjen van der Meer. ​Hy nimt dy mei yn de wrâld fan fersen en ferskes en foar datst witst hast sels ek ien skreaun.

Mathilde poppespul foar jong en âld

Mathilda wol dy graach kennen leare

Mathilde is in hiel leave, sa no en dan wat ûndogenske poppe dy't bespile wurdt troch Annalies. Sy fynt it prachtich om nije bern kennen te learen.

Mear ynformaasje

En fierder yn it doarp...

 

  • strjitacts
  • Tomke