Grizelje / Grouwelich eng!

Parseberjochten 2017

In grut publyk wie snein 15 oktober by de Berneboekedei yn Terherne. Op in protte lokaasjes oan ‘e Buorren wie fan alles mei taal te dwaan.

Yn de Fermanje gong in teatraal boekje iepen oer Mata Hari nei oanlieding fan it berneboekewikegeskink. Yn it doarpshûs spile it poppeteater Rôversguod, begelaat troch de muzykferiening út Weidum.

En Paal 43 rûn oer fan de talige aktiviteiten rûnom it lannelike berneboeketeam ‘Griezelje, grouwélich eng’. Pjutten, beukers en âlders wiene optien oer de Gruffalo, it ûndôgenske meunster it it printeboek, en fan de foarlêsferhalen fan Fryske skriuwers yn ‘e Griezelbus fan LF/KH2018.

‘In bytsje grizelich is wol hiel leuk’ ferwurde in lytse pjut syn gefoel.

foto's makke troch PDF -grafie

 

Artikel Jouster Courrant online 2017

foto`s van Grietje van der Reijnst-Brak

Artikel is geplaatst door op 16-10-2017 - 16:49

Record aantal bezoekers op Kinderboekendag Terherne

TERHERNE Een tweeduizend bezoekers, waarvan een achthonderd kinderen, kwamen zondag naar Terherne voor de jaarlijkse Kinderboekendag. Een record volgens de organisatie en ruim twee maal zoveel als vorig jaar.

‘Het was ongekend druk’, zegt Stefan de Lange van het Kameleondorp in Terherne. ‘Het mooie weer werkte natuurlijk wel mee. Ik denk dat het thema van dit jaar ‘griezelen’ ook meer aansprak dan andere jaren.’

Op verschillende locaties konden de kinderen kijken naar een theaterstuk, knutselen of griezelige dieren aaien. Veel kinderen waren zo dapper om een slang om de nek te leggen.

Kranteknipsel Friesch Dagblad

Parseberjochten

PARSEBERJOCHT  Berneboekedei Terherne
snein 16 oktober 2016

Terherne, 16 oktober ll. waard foar de 16e keer de Berneboekedei holden mei tradysjes en noviteiten. Tradysje is de dei yn elts gefal: elke lêste snein fan de lannelike Berneboekewike wurdt de dei holden yn it hert fan it Kameleondoarp. De hiele middei stiet bol fan de aktiviteiten rûnom it berneboek en it fertellen fan ferhalen, mei lêskastjes, grutte teaterfoarstellings, meisjongteksten en lústerlietsjes, lytse teateracts, Tomke-radio, de fearkeap fan berneboeken, en noch folle mear!

Hippe ‘opa’s en oma’s’ wienen der ek. Sy hearden by it tema fan de Berneboekewike 2016.
‘Wat dogge jo no?’ frege in famke fan 6 oan ien fan ‘oma’s’: ‘Ik breidzje in sok, dat dienen wy eartiids altyd’. De tradysje om ferhalen troch te fertellen, wurdt hjir fuort nij libben ynblaast.
Senioaren, junioren en heit-en-mem, sy moeten inoar troch de aktiviteiten, it nostalgyske snobbersguod, spultsjes, lietsjes en werinneringen.

‘Wy hebben met de klas de eerste prijs gewonnen’ seit Brechtje fan basisskoalle de Twaspan út Terkaple, wylst sy op it eareschavot klimt. Ien fan de tradisjonele ûnderdielen wie ek dit jier in grut sukses: de boekekistjeswedstriid. Skoallen kinne mei in groep út de ûnderbou, middenbou of / en boppebou in jirappelkistje ynfolje en fersiere mei it tema út de Berneboekewike. Yn totaal hawwe 13 skoallen rûnom út Fryslân meidien mei 46 kistkes.

 

 


 

 

Kiekjes fan de iepening 2016

 

 

Kiekjes fan de iepening 2015