Snein 15 Oktober 2017 (13:00- 17:00 )
Berneboekedei yn Terherne
Grizelje "Grouwelich eng"

Hoe kin ik meidwaan?

Elkenien is wolkom op de Berneboekedei yn Terherne. Bern mei heit&mem, pakes & beppes, bern mei juffen en masters!

De Berneboekedei slút wat it tema oanbelanget oan by de lannelike Kinderboekenweek.
De basisskoallen yn Fryslân ha yn maaie in lesbrief krigen mei les/lêstips, en derby ek ynformaasje oer de boekekistjes-wedstriid. Wolsto as skoalle meidwaan?

Meld jim oan  op ondersteand formulier
                                Jim krije it kistke / de kistkes op ’e skoalle brocht.
                                De bern rjochtsje it kistke yn oer in boek mei it  tema  Grizelje Grouwélich eng!

Opsje I                  As jim der in floch by meitsje fan 30 sekonden oer it tema grizeljen yn de klasse,
                                wurdt dat meinommen yn de sjuerering  (mar is net ferplichte).
Opsje II                 Plantsje it pompoensied en lit de plant groeie. Krekt as jim geweldige idee foar
                                de Berneboekedei fan Terherne. Meitsje in grouwelich enge pompoen!

Klear?                   De kist(en), en evt. pompoen wurde ophelle by skoalle op freed 13 oktober
                                De floch kin digitaal opstjoerd wurde nei kinderboekendag@gmail.com

Sjuery                   Fansels: meidwaan is belangriker as winne. Mar winne is wol leuk.
                                De sjuery beoardielet it kistke, en opsjoneel de floch en de pompoen.

Presintearje it boek!
Presintearje  it boek, it kistke, de pompoen, de floch en oare wurkstikken op de Berneboekedei yn Terherne mei in (opsis)ferske, dûnske, moaie tekstrigel of tekening .

Tip: Jim kinne alfêst oefenje op skoalle en hjir in floch fan meitsje. De floch kinst opstjoere nei alle âlders en nei kinderboekendag@gmail.com. It wurdt fansels noch leuker as alle âlders meigean nei de presintaasje op de Berneboekedei yn Terherne en har dêr sjen te litten wat jim op skoalle dien hawwe mei de Kinderboekenweek!
 

Mear ynformaasje

Opjefte skoallen berneboekekistkeswedstriid 2017

We binne alwer drok dwaande mei de tariedings fan 2017.